Mear aktiviteiten op De Lemmer

31 mrt 2013 - 16:20

De ûndernimmers yn it sintrum fan De Lemmer wolle fan 't simmer mear aktiviteiten organisearje, om wat te dwaan oan de delgong fan de omset. De ûndernimmers ha te lijen fan de ekonomyske krisis. Toeristen komme net mear automatysk nei de winkels yn it doarp. De lêste jierren is dêr neffens de ûndernimmersferiening te min oan dien.

Mei fertsjintwurdigers út de belangrykste winkelstrjitten is no in kommisje opset dy't ûnder de namme Hart van Lemmer aktiviteiten organisearje sil. Dêrby wurdt tocht oan muzyk, moadesjo's en demonstraasjes.

Oer in pear wiken komt der ek in website om dy aktiviteiten te promoatsjen. Ofrûne sneon wie de earste aktiviteit. Doe koene yn it sintrum fan De Lemmer fyftjin rûnfeartboaten besjoen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)