Njirren ha in drege maaitiid

31 mrt 2013 - 15:00

Net allinnich minsken en fûgels ha lêst fan it kâlde waar; foar reptilen kin de kjeld yn guon gefallen dramatyske gefolgen ha. Reptilen sliepe winterdeis en moatte it ha fan de reserves dy't sy foar de winter opboud ha. Swakke eksimplaren dy't net genôch reserves ha, kinne dea gean as it kâlde waar te lang oanhâldt en sy net op tiid wekker wurde.

Foaral njirren (adders) binne kwetsber, sa seit John Melis fan de Ravon. De Ravon is de klup fan minsken dy't him ynset foar reptilen, fisken en amfibyen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)