Cambuur yn selde opstelling

Cambuur trainer Henk de Jong feroaret neat yn de opstelling fan Cambuur. Foar de thúswedstriid moandei tsjin Go Ahead Eagles begjinne de Ljouwerters yn deselde opstelling as freed tsjin Almere City. "Ik begjin net te swabberjen", sa sei De Jong snein nei de training.
Nei it teloarstellende ferlies fan freed is der noch foldwaande optimisme by de Ljouwerters om it seizoen goed ôf te meitsjen. "Us doelstelling is de top fiif en dat feroaret net", sa sei De Jong. Ek Go Ahead Eagles docht mei yn de top fiif.
Opstelling Cambuur: Nienhuis, Droste, Bakens, Van der Laan, Bijker; El Makrini, Schokker, Rose; De Leeuw, Hemmen, Tighadouini.