Oanriding mei brommobyl

31 mrt 2013 - 12:50

In man fan 40 út Burdaard is sneontemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de Goslingawei yn Wânswert. De man waard yn syn brommobyl oanriden troch in 58-jierrige automobilist út Hallum.

De Burdaarder, dy't nei alle gedachten gjin riem om hie, fleach troch de oanriding tsjin it foarrút. De man moast troch de brânwacht út syn brommobyl helle wurde. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. It ûngelok barde omdat de bestjoerder fan de brommobyl op in krusing gjin foarrang joech oan de auto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)