Mishanneling mei glês

31 mrt 2013 - 11:15

De plysje hat sneintemoarn betiid op it Ruterskertier yn Ljouwert in man (21) út Soest oppakt. De man soe yn in hoarekagelegenheid yn de strjitte in glês stikken slein hawwe op de holle fan in ynwenner fan Den Haach. It slachtoffer (24) rûn dêrtroch ferwûnings op en moast foar kontrôle nei de dokter. De man fan Soest is meinaam troch de plysje, tsjin him wurdt proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)