Manlju betrape mei falsk jild

31 mrt 2013 - 10:12

By in tankstasjon yn Hilaard binne twa manlju betrape op it beteljen mei falsk jild. De ynskeakele plysje koe de twa oanhâlde yn in auto yn Ljouwert. It giet om in man (43) út Eindhoven en ynwenner (35) fan Ljouwert. By har oanhâlding hiene se ek falsk jild by har.

De plysje ûndersiket noch oft de twa ek mei falsk jild betelle ha by in winkel yn Boalsert en it by in oare winkel besocht hawwe.

(advertinsje)