Hearrenfean wint fan Feyenoord

Alfred Finnbogason en Yassine El Ghanassy soargen yn de lêste fiif minuten foar in kolkjend en feestfierend Abe Lenstra stadion. Troch har twa doelpunten soarge Hearrenfean foar de safolste stunt dit seizoen troch kampioenskandidaat Feyenoord te ferslaan. Dy winst wie fertsjinne omdat de thúsploech yn in hektyske wedstriid de boppelizzende partij wie.
It is foar de ploech fan Marco van Basten de fiifde winst op rige.