LDODK ferliest lêste wedstriid

30 mrt 2013 - 22:00

LDODK hat de lêste wedstriid yn de kuorbal league mei 27-18 ferlern fan regearend lânskampioen KZ. KZ út Koog aan de Zaan wurdt traind troch Gerald Aukes, de âld-coach fan LDODK. Healwei hie thúsploech LDODK yn sportsintrum Koartsweagen noch útsjoch op in goed resultaat. De ploech fan Jan Sjoerd Pool stie doe mei 13-10 achter. Yn de twadde helte rûn KZ hieltyd fierder út. LDODK is útspile en einiget yn it debútjier op it heechste nivo op it feilige achtste plak. KZ is tredde wurden en kin him opmeitsje foar de play-offs.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK kuorballeague
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)