Feanfroulju ferpletterje Zulte

30 mrt 2013 - 18:04

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha sneon harren fyfde winst op rige pakt. Yn it Belgyske Zulte waard mar leafst mei 7-1 wûn fan Zulte Waremgem. Charissa Burgwal sette de Feanfroulju al betiid op 1-0. Nei de Belgyske lykmakker soarge Vivianne Miedema foar in komfortabele 3-1 foarsprong. Yvonne Ploeg tekene foar de 4-1 rêststân.

Nei rêst gong de Fryske doelpuntemasjine troch. Twa treffers foar Miedema en ien fan Ploeg soargen úteinlik foar de romme oerwinning foar de ploeg fan trainster Jessica Torny.

(advertinsje)