Iepen dei rûnfeartboaten

It grutte publyk hat in te primityf idee fan rûnfeartboaten. Dat fynt de Fryske feriening fan rûnfeartûndernimmers FRO. Minsken tinke bygelyks faak dat der gjin húske oan board is, gjin lûdynstalllaasje of dat se neat te iten krije kinne. Foar de tredde kear hâlde de rûnfeartûndernimmers dêrom in iepen dei.
De foargeande edysjes wiene yn Snits. Sneon wie dat op 'e Lemmer. Fyftjin Fryske rûnfeartboaten lizze yn it sintrum. Dêromhinne hat de feriening tegearre mei de Lemster winkellju fan alles organisearre.