Gjin bút by oerfal Drachten

30 mrt 2013 - 10:05

Der is freedtejûn om ûngefear 21.45 oere in wenning oerfallen oan de Einekroas yn Drachten. Doe't de trije oerfallers troch de bewenner ûntdutsen waarden, sprongen se troch in rút op de earste ferdjipping de tún yn.

Yn in donkere VW Golf rieden se rjochting Grins. In tsjûge seach dêr twa mannen rjochting it sintraal stasjon draven. It stasjon waard hielendal útkamd, mar se waarden net fûn. Ien fan de fertochten koe yn it UMCG oanhâlden wurde, hy wie by syn flecht ferwûne rekke en hie him dêr melden. Der is neat meinommen by de oerfal.

Fan de oare fertochten is noch neat bekend. De flechtauto is weromfûn op de Viaduktwei yn Grins.

Trefwurden: 
oerfal Einekroas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)