SC Cambuur griemt yn Almere

29 mrt 2013 - 21:51

SC Cambuur hat freed de punten yn Almere lizze litten. De Ljouwerters ferlearen mei 2-1 fan Almere City. Cambuur wie de bettere ploech, hie it measte balbesit en de bêste kânsen. De earste de bêste kâns foar de thúsploech waard troch Jason Oost yn de 19e minút wol fersulvere. Twa minuten letter wie it al 2-0. Charles Dissels skeat nei gegriem en in oertreding fan Tighadouini fan 11 meter de bal achter keeper Nienhuis.

Ynfaller Erik Bakker brocht yn de 68e minút de spanning werom (2-1), mar fierder kaam de ploech fan Henk de Jong net.

Trefwurden: 
SC Cambuur Almere City Almere
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)