Prosesje by kapel yn Dokkum

29 mrt 2013 - 21:43

Yn Dokkum is op Goedfreed wer in prosesje hâlden. Ien kear yn de twa jier komt biskop De Korte fan it bisdom Grins-Ljouwert nei Dokkum ta foar 'it krúsweirinnen'. By in prosesje wurdt stilstien by it lijen en stjerren fan Jezus en by de opstanning. Tagelikertiid wurdt der ek stilstien by al it oare lijen yn 'e wrâld.

De prosesjefiering fûn plak by de Bonifatiuskapel yn Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)