Oanhingwein mei túnark stellen

Plysje-embleem © ANP
In skoalle foar spesjaal ûnderwiis yn Drachten is dupearre troch de stellerij fan in oanhingwein mei dêrop túnark. De karre stie by de folkstúntsjes oan it Noarderein. De oanhinger is letter weromfûn op in parkearplak by de Sint Jansbergflat yn Drachten. Hy siet mei in ketting fêst oan in lampepeal. In tsjûge hie de wein dêrfoar noch sjoen achter in auto dy't hurd oer Langewyk ried. Der foel doe in gersmeaner ôf. De stellerij wie tusken sneintejûn en ôfrûne woansdei.