Moandei gjin test loftalarm

29 mrt 2013 - 19:10

Der is moandei gjin test fan it loftalarm yn Fryslân. It ministearje fan feiligens en justysje lit dat witte. It is moandei twadde peaskedei. Neffens it ministearje wurdt der nea testen op nasjonale feestdagen, deadebetinking of religieuze feestdagen. It testen fan it loftalarm wurdt net op in letter momint ynhelle. De earste kear dat it alarm te hearren is, is op moandei 6 maaie. Om 12 oere middeis is dan 1 minút en 26 sekonden it sinjaal te hearren.

Trefwurden: 
loftalarm
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)