Van Basten fol fertrouwen

29 mrt 2013 - 18:14
  • Marco van Basten

SC Hearrenfean-trainer Marco van Basten sil nei alle gedachten neat feroarje oan syn opstelling foar de wedstriid tsjin Feyenoord. De lêste fjouwer wedstriden waarden wûn; Van Basten sjocht sadwaande gjin oanlieding om wat te feroarjen.

Wol sil der taktysk sjoen it ien en oar feroarje, omdat de spits en topskoarer fan Feyenoord Pellè skorst is. Sa kin it wêze dat Feyenoord mei twa spitsen spylje sil.

(advertinsje)