Jasper S.: eask 20 jier sel

29 mrt 2013 - 11:31

Jasper S. hat freed oan 'e ein fan 'e twadde sittingsdei fan de saak Vaatstra ek noch koart sprutsen. S. sei dat wurden ferlichting bringe kinne yn in saak dy't inkeld mar ferliezers ken. Hy hie der lang oer neitocht en hy hat spyt en wroeging. Mar tagelyk kin er de famylje Vaatstra net de dúdlikens jaan dêr't se op rekkene hiene. Dochs hopet er mei syn bekentenis in stikje fan dat alles ôfslute te kinnen.

De offisier fan justysje hat 20 jier easke foar moard. Oer trije wike, op 19 april, docht de rjochter útspraak. 

Dat is presys fiif moanne nei de oanhâlding.

De stân fan saken 17.00

De advokaten fan Jasper S. ûntkenne dat der sprake is fan 'voorbedachte rade' by de moard op Marianne Vaatstra. Jasper S. soe net mear as 15 jier finzenisstraf krije moatte. De offisier fan justysje hat 20 jier easke foar moard. Neffens advokaat Vlug fan S. en syn kollega Huisman dy't de pleitrede oernaam, hannele S. net mei opset sin, mar út eksistinsjele panyk. S. hie gjin saneamde 'rape-kit' by him. Hy brûkte wat him mar foar hannen kaam. Advokaat Huisman jout ta dat it ferkrêftsjen fan Marianne troch S. wol bewiisd is. Mar it fêstbinen fan de polsen fan Marianne troch S. kin net wettich en oertsjûgjend bewiisd wurde, seit riedsman Huisman. De digitale foto's fan de polsen binne tige faach en letter bewurke sadat de spoaren dúdliker te sjen binne. S. syn ferdigening is pas op 25 maart ynformearre oer de finansjele foardering fan de famylje Vaatstra. Sy fine dy tiid te koart. De finansjele foarderings fan de Vaatstra's hearre - hoe begryplik ek - net thús op in strafrjochtsitting, fynt Huisman. De kâns is grut dat S. de finansjele foardering fan de Vaatstra's fan 80.000 euro ek net betelje kin. Advokaat Jan Vlug beljochtet by eintsjebeslút de persoan Jasper S. Vlug kin mar net begripe hoe't 'sa'n aardige man' soks dien hat. De trochsneedstraf foar moard is yn Nederlân 8,5 jier selstraf. De straf soe dêrom ûnder de 15 jier útkomme moatte, seit Vlug. S. hat iepen west en op alle fronten meiwurke oan it ûndersyk. In legere selstraf is dêrom op syn plak, seit advokaat Vlug. In hegere straf easkje omdat er 13,5 jier swijd hat, is net op syn plak. S. die dat foar syn famylje. Vlug neamt 15 jier foar Jasper S. 'in absolute boppegrins'.

De stân fan saken 15.35

Bouke Vaatstra fynt de strafeask fan 20 jier foar de ferkrêfting fan en de moard op syn dochter Marianne yn 1999 te leech. Vaatstra sei yn in reaksje dat er hopet dat er de fertochte Jasper S oerlibje sil. Offisier fan justysje Mous easke freed de maksimale straf fan tweintich jier foar it ferkrêftsjen en fermoardzjen fan Marianne Vaatstra. S. syn advokaat Jan Vlug sil nei alle gedachten foar deaslach pleitsje. Dan sil de straf leger útfalle.

De stân fan saken 14.30

Tsjin Jasper S. is freed 20 jier selstraf easke foar de moard op en de ferkrêfting fan Marianne Vaatstra. De moard en de ferkrêfting fan Marianne troch Jasper S. binne wettich en oertsjûgjend bewiisd, neffens offisier fan justysje Mous. De grutte ympakt fan de saak Vaatstra hat in strafferheegjend effekt. Itselde jildt foar it egoïsme fan S. Marianne wie neffens guon saakkundigen al dea op it stuit dat se dat se ferkrêfte waard. Dat kin ôflaat wurde út in pear wûnen op har skonken dy't net bletten. De wûnen binne nei alle gedachten ûntstien by it trochsnijen fan har ûnderbroekje. Mous nimt it S. kwea ôf dat er trettjin en heal jier swijd hat oer syn dieden en dat er gjin 'skokkende foto's' sjen wol. Mous neamt dit frustrearjend en ûnbegryplik. Boppedat hâldt S. saken achter, en dat wylst de famylje Vaatstra rjocht hat op mear iepenheid.

Marianne fytste hurd yn dy bewuste nacht, want se wie benaud yn it tsjuster, fertelt offisier Mous. S. pakt har, se raast en ûnder bedriging fan in mes rint Marianne kalm mei S. de greide yn nei in plak út it sicht achter in beamwâl. S. moat dat plak bewust opsocht hawwe. Dat plak leit op mar 3 kilometer fan syn eigen pleats. S hat by de ferkrêfting mear geweld brûkt as dat er tajout, seit Mous. Marianne hat har nei alle gedachten bot ferset, tinkt de offisier fan justysje. Se hat him biten en mooglik ek klaud, want der siet DNA fan him ûnder har fingerneils. S. koe har broek mar heal út krije, omdat se bot tsjinakselje. Har hannen waarden fêstbûn mei har eigen BH. Mei deselde BH wurdt Marianne justjes letter smoard. Dat bart mei in soad krêft. Omdat S. der wis fan wêze wol dat se dea is, snijt er oanslutend oant trije kear ta har de kiel troch. S. is folslein tarekkeningsfetber foar ferkrêfting en moard. Hy skeakele syn gewisse út en gie rjocht op syn doel ôf.

De offisier fan justysje fynt it hiel frjemd dat S. ek mear as trettjin jier nei de tiid noch hieltiid it moardwapen yn syn besit hat. By syn arrestaasje hie er it Herdermes noch yn 'e bûse. It trochsnijen fan har kiel hat Marianne nei alle gedachten net mear bewust meimakke. It ombringen fan Marianne Vaatstra moat sjoen wurde as moard, fynt offisier fan justysje Henk Mous. S. hat tiid en gelegenheid hân om fan syn foarnimmen ôf te sjen, mar gie dochs troch. Dêrom is moard wettich en oertsjûgjend bewiisd.

In grutskalich DNA-ûndersyk op frijwillige basis hie yn it jier 2000 gjin dieder oplevere, beweart offisier Mous. Der sieten tolve biologyske DNA-spoaren op liif en klean fan Marianne fan ien en deselde manlike persoan. Der wie dus sprake fan in 100% diederspoar. As S, net meidien hie, wie hy ek fûn, fertelt Mous. By it ûndersyk wiene al profilen fûn dy't bot op dy fan Jasper liken.

De Playboyfjoeroanstekker yn it rêchsekje mei koweprint fan Marianne dêr't in hier op sitte soe fan Jasper S, blykt net fan grut belang. It DNA yn dat hier kin ek fan ferwanten fan Jasper S. wêze. It is dus net allinnich oan S., bûn, mar oan in folle gruttere groep.

Neffens de offisier fan justysje heart de foardering fan shockskea fan de famylje Vaatstra net thús op in strafproses, mar by de sivile rjochter.

De stân fan saken 11.50

Jasper wie as bern hiel sletten, maklik en meigeand. It wie foar oaren net dúdlik wat yn him omgie. Hy gie wolris op 'e fyts en ek wolris op de trekker nei Grins ta nei de hoeren,. Dochs wol psychologe Feringa S. net seksferslaafd neame. Wol miste er yntimiteit en seksualiteit en dêrom gie er nei de hoeren ta. Yn de fatale nacht wie 'de natuer' sterker as S. sels. Syn heftige lustgefoelens namen it stjoer fan him oer.

De saakkundigen hawwe wiidweidich nei in steurnis by S. socht, mar dy net fine kinnen, fertelle se oan S. syn riedsman Vlug. Wylst Jasper S. syn psyche yngeand besprutsen wurdt, sit S. der hiel stil by. Hy bemuoit him der net mei. Syn advokaat Vlug freget him ôf hoe't in normaal minske, sûnder steurnis, dwaan kin wat S. dien hat. Jasper syn susters hawwe him nea lulk of agressyf sjoen, hawwe se tsjin advokaat Vlug sein. Syn omjouwing fûn him gewoan en sosjaal.

Om tolve oere is der in yn in ekstra Hjoed wiidweidich omtinken foar de saak.

Stân fan saken 10.55 oere.

Jasper S. fynt it lestich om te akseptearjen dat er in gewelddiedige sededelinkwint is. Hy sjocht himsels earder as slachtoffer. De psychiater hat net folle fernommen fan spyt by him. S. hat nei alle gedachten hannele ûnder ynfloed fan tydlike 'bewustzijnsvernauwing', seit de psychiater. Yn in tel hat er besletten om de iennichste tsjûge Marianne út de wei te romjen. Dat tekenet syn egosintrisme. S. wie jierrenlang fan doel om it geheim fan Marianne Vaatstra stil te hâlden oant syn eigen dea ta.

As it DNA-ferwantskipsûndersyk der net west hie, wie yn 2012 net útkaam wa't Marianne Vaatstra om it libben brocht hie. De ûndersiken binne net folslein betrouber, omdat S. net konsistint is yn wat er ferklearret, seit de psychiater. Der is gjin grûnslach foar fermindere tarekkenfetberens, want der binne gjin oanwizings foar in steurnis. De eksperts hâlde allegearre in bytsje in slach om de earm omdat de moard op Marianne Vaatstra trettjin jier ferlyn wie.

Stân fan saken 09.50 oere

De kâns op werhelling is by Jasper S. net sa grut, tinkt psychologe Feringa. Hy hat nei de tiid ek net wer soks dien. Syn mes moast him deroan herinnerje dat er soks nea wer dwaan soe. De saakkundigen twivelje oft S. de seksuele ôfwiking parafily hat. Se doare dy konklúzje net te lûken, mar se kinne it ek net útslute. Jasper hie oanstriid ta roekeleas en ympulsyf gedrach, ek yn de omgong mei froulju. Dat is ek de basis fan syn houlik wurden. Hy hie in seksueel frustrearre relaasje mei syn frou.

Sûnt de moard op Marianne Vaatstra yn 1999 giet er faker nei de hoeren. Jasper S. tinkt net folle nei, seit de psychologe. Hy hannelet sûnder dêrby nei te tinken. Soks is net normaal, mar gjin steurnis.

Stân fan saken 09.45 oere

Jasper S hat by de moard op Marianne Vaatstra hannele út ympulsive lust. Dat seit klinysk psychologe Feringa hjoed op de twadde sittingsdei oer de saak Vaatstra yn Ljouwert. Hjoed komme trije saakkundigen oan it wurd dy't de fertochte ûndersocht hawwe: in psychologe, in psychiater en in ûndersiker. Psychologe Feringa fynt Jasper S. wol tarekkingsfetber. Hy is wiidweidich test op autisme, mar der binne gjin oanwizings fûn dat de Aldwâldster mooglik autistysk is. Neffens psychiater Van der Werf hat de fertochte de skaaimerken fan in psychopaat, mar net slim genôch om fan in steurnis te sprekken. Jasper hat Mariannele behannele as 'in objekt' en him op gjin inkeld momint bekroade om de gefoelens fan it slachtoffer, sei psychologe Feringa.

De twadde sittingsdei luts minder publyk as de earste. Hjoed stean der gjin lange rigen foar de rjochtbank. Mei-inoar binne der sechstich sjoernalisten by de saak. Yn ferbân mei de freedsmerk binne de satellytweinen fan it Saailân nei de Willemskade ferpleatst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)