Bilker: ramptoerist net wolkom

Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân warskôget mooglike ramptoeristen dat se net wolkom binne op of om de pleats fan Vaatstra-fertochte Jasper S. No't de rjochtsaak tsjin Jasper S. lanlik yn de media in soad omtinken krijt, is de ferwachting dat ek de belangstelling foar it hûs yn Aldwâld wer bot tanimt.
Der binne noch altyd ynsidinten en de ferwachting is dat benammen it kommende wykein mooglik wer wat mear ramptoeristen nei Aldwâld komme. Bilker riedt harren oan fuort te bliuwen, want de plysje is der op taret.
Freed is de twadde sittingsdei yn de saak tsjin Jasper S. Dan komme ûnder oare fjouwer saakkundigen oan it wurd oer de fraach oft de fertochte wol of net tarekkenber is foar wat er dien hat.