Nije toeristyske kampanje

Yn it Woudagemaal op De Lemmer is tongersdei de nije kampanje presentearre om mear toeristen nei Fryslân te lûken. Underdiel dêrfan is in reklamespot mei as biedwurd 'water en meer'. De kampanje is foar it earst net allinnich rjochte op de wettersport, mar beljochtet ek folle mear de oare rekreaasje yn ús provinsje. Dan giet it bygelyks om de fyts- en kuierpaden, mar ek om de eveneminten. De kampanje is opsetten yn oparbeidzjen mei de rekreaasjeûndernimmers sels. Ek dat is foar it earst.
'Water en meer' is de earste kampanje ûnder lieding fan de nije provinsjale organisaasje Beleef Friesland.