Jeugd kin maklik drank keapje

28 mrt 2013 - 21:03

Jongeren ûnder de 16 kinne yn de gemeenten Gaasterlân-Sleat, Skarsterlân en Lemsterlân hiel maklik oan drank komme. Dat docht bliken út in ûndersyk dat de trije gemeenten, dy't aanst fusearje ta de gemeente De Fryske Marren, dwaan litten ha.

Se ha mystery-jongeren op paad stjoerd, dy't besykje moasten om yn supermerken, hoarekagelegenheden en sportkantines oan alkohol te kommen. Hast njoggen fan de tsien kear slagge dat. De Fryske Marren sil no mear ynsette op it foarkommen fan alkoholgebrûk troch jongeren.

De kontrôle wurdt ek skerper. De gemeente hat dêr ekstra minsken foar oplaat.

(advertinsje)