Fytsrûtewizers op de dyk

© Buro voor Toerisme Friesland Holland
Der wurdt in proef dien mei Alvestêde-fytsrûtewizers op strjitklinkers. Frjentsjer is de earste stêd dêr't pylken op de dyk komme. It is in plan fan it buro voor toerisme Friesland Holland en it is bedoeld om it toerisme te stimulearjen. Minsken dy't de alvestêderûte fytse, kleie al jierren oer de minne paadwizers yn de stêden. Se binne fernield of se hingje te heech. De nije paadwizers wurde mei in straaltechnyk op de strjitklinkers oanbrocht. As dat eksperimint slagget, krije de oare tsien stêden ek sokke paadwizers op 'e dyk.
Yn oare lannen wurdt dizze straaltechnyk ek al brûkt, op bygelyks kuierrûtes.