Oanpassing tsjinstregeling bus

© Omrop Fryslân, Alle Faber
Ferfiersbedriuw Arriva feroaret mei yngong fan snein de tsjinstegeling fan buslinen yn Noard- en Súdwest-Fryslân foar in part. Dat wurdt dien nei oerlis mei de provinsje, reizgersorganisaasjes en doarpsbelangen. Sûnt Arriva it busferfier oernaam hat yn desimber, wiene der frijwat klachten oer de tsjinstregeling. Sa sluten guon bussen moarns en middeis net goed oan op de skoaltiden fan middelbere skoalbern. Arriva hat datsoarte problemen no oanpakt. Der sille ekstra bussen ride en hjir en dêr binne de bustiden oanpast.