Betinking oarlochstransport

28 mrt 2013 - 18:15

It wurdt wol de fergetten helletocht neamd. Op 27 maart 1945 moatte 528 pasjinten út psychiatrysk sikehûs Dennenoord yn Súdlaren op transport nei Frjentsjer. In barre reis dy 't makke wurdt yn feewagons.

It ferbliuw yn Frjentsjer duorret goed fjouwer moanne. Dêrby stjerre 56 pasjinten troch sykte en honger. Ta neitins oan de slachtoffers is tongersdei yn Súdlaren in monumint ûntbleate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)