Mear kontrôle mountainbikers

28 mrt 2013 - 11:38

In spesjaal mountainbike-team fan de plysje sil tenei de natoergebieten by Oranjewâld folle mear kontrolearje. Dêr hat de plysje ôfspraken oer makke mei Steatsboskbehear.

De plysje krijt in soad meldings fan oerlêst út it gebiet. Sa komme der ûnder oare faak klachten oer losrinnende hûnen en fytsers dy't fan de paden ôfgean. De plysje sil dêrom mear tafersjoch hâlde. Dit dogge se op de fyts, omdat se dêrmei flugger en fierder de bosken ynkinne. Tongersdei hâldt de plysje syn earste surveillânse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)