De saak Vaatstra op tongersdei

28 mrt 2013 - 11:19

De stân fan saken om 17.30 oere:
De saak Vaatstra giet op freed fierder. De rjochtbank hat besletten om de fierdere behanneling troch te skowen. Oant no ta is Jasper S. heard en dêrnei hawwe de neibesteanden fan Marianne Vaatstra harren slachtofferferklearrings foarlêzen. Freed komme fjouwer saakkundigen, de offisier fan justysje en de advokaat fan de fertochte Jan Vlug oan it wurd. Dan wurdt dus ek bekend wat de eask fan it Iepenbier Ministearje wurdt.

Omrop Fryslân docht freed opnij wiidweidich ferslach fan de saak Vaatstra.

Op de ynternetstjoerder Omrop Live sille parten fan de rjochtsaak mei fertraging fan in kertier útsjoerd wurde. It giet dan ûnder oare om it rekwisitoar fan it Iepenbier Ministearje en de pleitrede fan advokaat Jan Vlug fan Jasper S. Tongersdei waard allinne it earste part fan de rjochtsaak útstjoerd. It ferhoar troch de rjochters fan Jasper S. en de ferklearrings fan de slachtoffers mochten fan de rjochtbank net útstjoerd wurde. De rjochtsaak begjint freed om 9.30 oere. De stân fan saken om 16.45 oere:

De sus fan Marianne, Ineke Vaatstra, betanke de plysje foar har wurk en it DNA-ûndersyk. Ek de manlju dy't meidiene oan it ûndersyk krigen in plom. Se koe har lykwols net begripe dat ien him 13,5 jier lang stilhâldt: "It is egoïsme ten top. Do hast ús yn in hel leve litten." Jasper S. reagearre ek: "Dizze ferklearrings snije my troch de siel. Hjir binne gjin wurden foar." Hy gûlde en wist der net mear op te sizzen, op in hiel sêft 'sorry' nei.Mem en Freddy Vaatstra easkje elk 25.000 euro skeafergoeding fan Jasper S., de oare famyljeleden elk 15.000 euro. Freddy Vaatstra hat PTSS (post-traumatysk stresssyndroom) oerhâlden oan de dea fan syn suske en hat rjocht op skeafergoeding. Mem Maaike Terpstra hat ek PTSS en is slim traumatisearre. De skieding fan Bauke en Maaike is in gefolch fan de dea fan Marianne.

De stân fan saken om 16.15 oere:

Bauke Vaatstra kaam yn de rjochtsaak as neibesteande as earste oan it wurd: "Ik sei tsjin har: Leave wat bisto kâld." Hy frege de rjochter om de heechste straf foar Jasper S. It wol him net oan dat de fertochte as boppe-yntelligint beskreaun wurdt, mar in soad details fan de ferkrêfting en de moard net mear wit. De famylje Vaatstra hat ek in skeaclaim yntsjinne tsjin de fertochte. Neffens sus Wilma Vaatstra binne mei de dea fan Marianne ek har heit en mem foar in part ferstoarn. De mem fan Marianne kin sûnt de dea fan Marianne net mear genietsje, se soe graach mei har dochter ruilje wolle. Sus Ineke fynt it ferskriklik dat har bern sa jong mei sokke saken konfrontearre wurde moasten. Fertochte Jasper S. begjint te gûlen by it hearren fan de ferklearrings fan de neibesteanden.

Stân fan saken om 16.00 oere:

De rjochtsaak tsjin Jasper S. is nei de feitebehanneling skorst. It ferhoar fan Jasper S. is klear en no komme de neibesteanden oan it wurd. Dat is it lêste ûnderdiel fan hjoed, de saak giet moarnier om healwei tsienen fierder. Dan komme offisier van justysje Mous en advokaat Vlug oan it wurd. Heit Bauke Vaatstra is de earste fan de famylje dy't syn ferhaal docht: "Wy as famylje ha libbenslang" en "Jasper S. is 'in rat'." "Hjir kin allinnich mar de heechste straf oplein wurde." Nei Bauke komme ek noch de mem en twa susters fan Marianne oan it wurd.

Stân fan saken om 15.00 oere:

Jasper S. hat it bûsmes ek nei 1999 trettjin jier lang bewarre en by him hâlden. Hy is sunich op syn guod, sa seit er. "It hie hiel fertocht west, as ik krekt op de dei nei de moard op Marianne myn bûsmes kwyt west hie." Hy hat syn herder by him hâlden as in foarm fan boete. "Myn mes wie in warskôgjende herinnering." Jasper S. hie it syn famylje graach besparje wollen: "Sy ha dit net fertsjinne, mar foar my is it in opluchting dat ik no pakt bin." In soad saken wit hy net mear. Offisier fan justysje Mous wol dêrom dat Jasper nei de foto's sjocht. It soe him helpe kinne om syn eigen herinnering op te frissen. Mous fynt dat hy dat de famylje Vaatstra ferskuldige is. Sy ha Marianne dea sjoen en ha der rjocht op te witten wat der bard is.

Stân fan saken om 12.00 oere:

De ferkrêfting fan Marianne Vaatstra is hieltyd ûnder bedriging fan in mes bard, dêrom hat se har ek net mear fersetten. Jasper S. hat Marianne de greide mei ynnommen en wol sa fier dat se net mear sichtber wiene. Hy seit dat er alles 'yn in roes' belibbe hat, dat syn lichem it fan syn geast oernommen hat. Neffens de rjochtbank is dat yn striid mei syn wurden dat Marianne dwaan moast wat hy sei. Neffens Jasper S. hat er har net fêstbûn, mar dat strookt net mei de de strimen dy't Marianne oer har lichem hie. Oer dy details is Jasper S. net hiel dúdlik.

De stân fan saken om 10.30 oere:

Jasper S. ferklearre foar de rjochtbank dat hy by it sjen fan Marianne Vaatstra yn in flits tocht: "Do bist foar my." Hy wit no noch net wêr't dat weikaam. Jasper S. wie oan it fytsen, omdat it in tizeboel yn syn holle wie. Hy fytste sûnder ljocht en waard dêrom net sjoen troch tsjûgen. Marianne fytste ek sûnder ljocht en hat Jasper S. dêrom wierskynlik ek pas let sjoen.

De stân fan saken om 10.15 oere:

De fertochte Jasper S. fertelde tongersdeitemoarn oer wat er yn de nacht fan 1 maaie 1999 bard is. Hy wie in lette melker en wie dy jûns alve oere klear. Jasper sliepte dy nacht net by syn frou mar ûnder, omdat der in ko kealje moast. Jasper wie dêrtrroch al nachtenlang yn tou. Tusken 01.30 en 02.00 oere is er nei de stâl gien, mar dêr wie alles noch rêstich. Hy is doe op 'e fyts stapt, mar wit net mear hokker rûte hy fytst hat.

De stân fan saken om 10.00 oere:

Tsjin 10 oere is de fertochte Jasper S. oan it wurd kommen yn de rjochtsaak. Hy sei ûnder oare: "Ik besefte dat ik als dader naar voren zou komen uit het DNA-verwantschapsonderzoek. Ik heb de afgelopen jaren meerdere malen overwogen om naar de politie te gaan." Jasper S. woe syn eigen famylje de ellinde fan in heit yn de finzenis besparje en is dêrom net nei de plysje stapt.

De stân fan saken om 9.30 oere:

De Ljouwerter rjochtbank siet om 9.30 oere hielendal fol. Alle 350 stuollen wiene beset troch publyk en mediaminsken foar de saak Vaatstra. Jasper S. steit terjochte foar moard en ferkrêfting fan Marianne Vaatstra. De rjochter makke by de iepening nochris dúdlik wêrom't de rjochtsaak net folslein op radio en tv te sjen en te hearren is. Dat is út respekt foar it slachtoffer. Rjochtbankfoarsitter Dölle warskôge de oanwêzigen dat der skokkende feiten te hearren wêze sille by de behanneling fan de saak.

Trefwurden: 
Vaatstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)