Kettingbotsing yn Ljouwert

28 mrt 2013 - 10:30

Op de Troelstrawei yn Ljouwert hat tongersdeitemoarn in kettingbotsing west. Dêrby wiene fjouwer auto's belutsen. Wat der krekt bard is, is noch net bekend. Neffens de plysje klage ien persoan oer in pynlike nekke, de oare bestjoerders soene gjin ferwûnings oprûn hawwe.

Foar de helpferliening waard ûnder oare de brânwacht oproppen, mar dy hoegde net yn aksje te kommen.

Trefwurden: 
kettingbotsing
(advertinsje)