Twifels Volkskrante Apotheker

Hayo Apotheker © ANP
De Volkskrant lûkt tongersdei de rol fan boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân by enerzjybedriuw Rendo yn twifel. Neffens de krante hie Apotheker as boargemaster fan Steenwijkerland nea meistimme mocht oer de bou fan in enerzjysintrale troch Rendo yn syn gemeente. Dat hie net mocht omdat er ek tasichthâlder fan it enerzjybedriuw wie.
De sintrale smyt Rendo op dit stuit in soad problemen op, mei mooglik in miljoeneferlies as gefolch. Earder skreau NRC Handelsblad ek al negafyf oer de rol fan Apotheker by Rendo.
Apotheker naam dêrnei yn in brief oan de riedsleden fan Súdwest-Fryslân ôfstân fan it artikel.