Lange rige foar rjochtbank

28 mrt 2013 - 08:35
  • Ferslachjouwer Harm Weistra by de yngong

Foar de rjochtbank yn Ljouwert stie tongersdeitemoarn om 8 oere al in lange rige. It giet om publyk en sjoernalisten dy't de saak Vaatstra folgje wolle. Under it publyk is ûnder oare in klasse fan it Friesland College dy't dwaande is mei in wurkstik. De sjoernalisten komme út binnen- en bûtenlân, op it Wilhelminaplein steane reportaazjeweinen fan fjirtjin omroppen.

De behanneling fan de saak Vaatstra begjint om healwei tsienen. Neist de sittingsseal binne ek twa oare sealen yn de rjochtbank reservearre foar belangstellenden.

Yn de Ljouwerter rjochtbank wurdt tongersdei allinnich de saak Vaatstra behannele. Alle oare sittings binne ferpleatst nei it gerjochtshôf.

Trefwurden: 
Vaatstra
(advertinsje)