Lêste ynspraak Littenseradiel

27 mrt 2013 - 23:00

Rom tûzen minsken hawwe de ôfrûne moannen meidiskusjearre oer de takomst fan de gemeente Littenseradiel. Fan jannewaris ôf binne der yn totaal 23 jûnen hâlden oer de opdieling fan de gemeente tusken Ljouwert, Súdwest-Fryslân en de nij te foarmjen gemeente Noardwest-Fryslân. Woansdei wie de lêste jûn yn Hidaard.

Twaentweintich ynwenners en in hantsjefol riedsleden kamen nei doarpshûs It Hiddahûs. Neffens de plannen fan it gemeentebestjoer komt Hidaard te lizzen yn Súdwest-Fryslân.

De gemeenteried nimt yn juny in beslút oer de mooglike weryndieling fan Littenseradiel en neffens boargemaster Liemburg sil de útkomst fan de ynspraakjûnen dêryn in wichtige rol spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)