Soad media by saak Vaatstra

27 mrt 2013 - 15:54

De lanlike media ha wer grutte belangstelling toand foar de rjochtsaak tongersdei yn Ljouwert oer de moard op Marianne Vaatstra.

Hast sechstich sjoernalisten foar radio en televyzje út it hiele lân hawwe har by justysje oanmeld om by de behanneling foar de rjochter fan de fertochte Jasper S. wêze te kinnen. De rjochtsaak Vaatstra begjint tongersdeitemoarn om 9:30 oere. Omrop Fryslân docht op de radio en televyzje ferslach fan dizze saak. Ek is alles te folgjen fia Twitter en op omropfryslan.nl.

Trefwurden: 
rjochtsaak Vaatstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)