Drege dei famylje Jasper S.

27 mrt 2013 - 15:47

De famylje fan Jasper S. sjocht as in berch oan tsjin de rjochtsaak fan tongersdei. Dat seit boargemaster Bilker fan Kollumerlân. Hy hat regeljmittich kontakt mei de famylje fan de 45-jierrige fertochte út Aldwâld.

S. stiet terjochte foar de moard op de 16-jierrige Marianne Vaastra. Dat wie yn 1999 yn in greide by Feankleaster. Bilker hopet dat der nei de behanneling by de rjochter lang om let in punt setten wurde kin efter de hiele saak, al sil dat net maklik wêze foar de belutsenen. Bilker is sels net by de rjochtsaak oanwêzich.

Hy sil wol aktyf folgje wat der yn de media oer de saak skreaun en sein wurdt. Dat jildt ek foar Sjoerd Hoekstra fan doarpsbelang Aldwâld.

Omrop Fryslân docht tongersdei ferslach fan de rjochtsaak tsjin Jasper S, op radio, televyzje en ynternet. Op twitter wurdt live ferslach dien fia @RedOmropFryslan. Op Omrop Fryslân televyzje binne der ekstra Hjoed-bulletins te sjen fan 12:00 oere ôf, dêrby wurdt ek live skeakele nei de rjochtbank. Op alle hiele oeren is der in update mei de nijste ynformaasje. Jûns yn de Hjoed-útstjoering fan 18:00 oere in wiidweidich weromsjoch op de prosesdei. De útstjoering wurdt alle oeren werhelle.

Trefwurden: 
rjochtsaak Vaatstra Jasper S.
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)