Praat mar Frysk by Request

Praat mar Frysk docht mei oan de aksje Serious Request fan 3 FM en it Reade Krús. Dit jier giet de opbringst nei memmen yn oarlochsgebieten. Moandeitemoarn om tsien oere is Praat mar Frysk úteinset mei in ynternetfeiling. Minsken kinne biede op in ferskaat oan Fryske produkten, fan in tsiis fan hûndert kilo oant in kante meter oranjekoeke.
Mei elkoar dogge alve bedriuwen mei oan de aksje. De folsleine opbringst fan de ynternetfeiling giet nei Serious Request.
Praat mar Frysk is in kampanje mei it doel Friezen bewust te meitsjen fan en grutsk te meitsjen op harren twataligens.