Trekker botst op frachtwein
Op de Wjelsriperdyk (de N384) tusken Winsum en Frjentsjer binne moandeitemoarn in trekker en in frachtwein mei inoar yn botsing kaam. Ien persoan is dêrby ferwûne rekke. Der is in traumahelikopter ynset.
It ûngelok barde by Lutsjelollum. De N384 tusken Winsum en Frjentsjer hat fanwege it ûngelok ôfsluten west foar alle ferkear.