Grontmij Drachten opheft
It kantoar fan de Grontmij yn Drachten giet net wer iepen. Yn novimber is yn it gebou asbest fûn. De meiwurkers sitte sûnt dy tiid op de kantoaren yn Assen en Haren. De ferhierder moat flink ferbouwe om it gebou wer feilich te krijen. Grontmij is no op syk nei in nij kantoar yn Grins dêr't alle noardlike festigingen yn gearfoege wurde kinne. Dat betsjut dat de kantoaren yn Drachten, Haren en Assen tichtgean.
Grontmij wie al fan doel ien kantoar foar it Noarden op te setten. Dat bart no gauwer as earst de bedoeling wie.
Ein 2012 moatte alle meiwurkers yn Grins sitte. It is noch net bekend oft der ek minsken út moatte. Der wurken sechtich minsken op it kantoar fan de Grontmij yn Drachten.