1e ljipaai Hearrenfean fûn

27 mrt 2013 - 12:45

Wietse Jan Dijkstra fan Sint Anne hat woansdei oan de ein fan de moarn it earste ljipaai fan de gemeente Hearrenfean fûn.

De 36-jierrige Dijkstra seach it aai lizzen yn 'e buert fan museum Belvédère. Hy biedt it woansdeitemiddei oan oan boargemaster Tjeerd van der Zwan. De finer krijt ûnder oare in oarkonde en 15 euro.

Trefwurden: 
ljipaai
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)