Bettere kommunikaasje oer REC

27 mrt 2013 - 12:41

De provinsje sil noch better en transparanter ynformaasje jaan oer de útstjit fan de ôffaloven yn Harns. Op dizze wize wurdt besocht om it gefoel fan ûnrêst en ûnfeiligens ûnder de Harnzer befolking fuort te nimmen.

De ynformaasje komt op in spesjale webside te stean en sil net al te technysk brocht wurde. Doel is dat it dan foar safolle mooglik minsken tagonklik is. Der wurde yn Harns ek noch stikkers útdield mei dêrop it tillefoannûmer fan it miljeu-alarmnûmer en it ynternetadres fan de webside www.fryslan.nl/rec.

Trefwurden: 
REC ôffaloven kommunikaasje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)