Stellerij motoaren oplost

27 mrt 2013 - 12:34

De plysje hat mei it oanhâlden fan trije Snitsers de stellerij fan 30 elektromotoaren oplost. De trije binne tiisdeitenacht oanhâlden nei in tip.

In foarbygonger hie sjoen dat de manlju fan 18, 27 en 32 by in hûs oan de Gajus Nautastrjitte yn Snits de elektromotoaren út har auto laden. De plysje hat de trije dêrnei oppakt en fêstset foar fierder ûndersyk. De nûmerplaten fan de auto wiene ôfplakt by it ferfier fan de motoaren.

Trefwurden: 
stellerij motoaren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)