Man spuitet mei pepperspray

Pepperspray
In 20-jierrige Ljouwerter wurdt der fan fertocht tiisdeitenacht yn syn wenplak minsken mei pepperspray bespuite te hawwen. Dat wie op strjitte, neidat de man yn in diskoteek oan it Ruterskertier rûzje hân hie.
De slachtoffers moasten behannele wurde troch ambulânsepersoniel. De dieder koe troch in portier fan in hoarekagelegenheid yn 'e buert pakt wurde. Hy is oerdroegen oan de plysje en sit fêst foar fierder ûndersyk. Ek in 20-jierrige man sûnder fêst wenplak sit fêst, fanwege syn oandiel by de fjochtpartij.