Gjin kij rinne litte yn dunen

Natuerbehearders op de Waadeilânnen moatte foarsichtich wêze mei it weidzjen fan kij yn de dunen, sa warskôget Vogelbescherming Nederland. As kij te lang yn de dunen rinne, is dat hiel min foar twa seldsume soarten rôffûgels: de blauwe hoanskrobber en de fjildûle.
Foar de blauwe hoanskrobber jildt dat de Waadeilânnen ien fan de lêste briedgebieten is yn Nederlân foar de soart. Wêr't kij binne, briede sy net en troch it weidzjen mei kij binne der folle minder mûzen. Ien en oar docht bliken út nij ûndersyk.
It soe folle better wêze as kninen de dunen keal hâlde, mar dy binne der troch sykten hast net mear.