Snitser frou bedriget opnij

Facebook 'Vind ik niet leuk' © Omrop Fryslân
Tsjin ien fan de twa froulju, dy't fertocht wurde fan it mishanneljen fan twa homoseksuele manlju yn de trein nei Snits, is opnij oanjefte dien. Dat meldt de plysje.
It giet om in oanjefte troch de behearder fan de facebookside 'Vind ik niet leuk'. Dy side is oprjochte as protest tsjin de mishanneling. De behearder soe troch de 18-jierrige fertochte bedrige wêze fanwege syn aard. Neist de twa manlju, diene earder ek al twa froulju oanjefte fan mishanneling troch de 18-jierrige frou en har 19-jierrige freondinne.