Grinslân net tsjin aaisykjen

26 mrt 2013 - 21:31

It ljipaai sykjen yn Fryslân hat gjin neidielige gefolgen foar it belied dat yn Grinslân fierd wurdt. Dat fine deputearre steaten yn Grinslân.

De Partij voor de Dieren yn Grinslân hie fragen steld oer it aaisykjen yn Fryslân. De partij fynt it frjemd dat der yn Grinslân in soad jild stutsen wurdt yn it behâld fan de ljip, wylst der yn Fryslân aaien meinaam wurde. Deputearre steaten yn Grinslân binne it hjir net mei iens.

Trefwurden: 
Grinslân ljipaai aaisykjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)