Sinnepanielen as foarbyld

De gemeente Weststellingwerf wol mei it pleatsen fan 100 sinnepanielen it goeie foarbyld jaan oan har ynwenners. Dy panielen lizze fan tiisdei ôf op it dak fan de gemeentewerf yn Wolvegea.
De sinne moat dan daliks foar de helte fan de stroom soargje, dy't dêr ferbrûkt wurdt. En dat is likefolle as it ferbrûk fan sa'n sân húshâldens. Yn de hal fan it gebou komt in display sadat elkenien sjen kin hoefolle duorsume enerzjy der sa produsearre wurdt.