'CDA-ers moatte sit weromjaan'

26 mrt 2013 - 14:13

De opstapte riedsleden yn Dongeradiel moatte har sit yn de ried opjaan. Dat fynt foarsitter Douwe Tamminga fan it CDA Fryslân. Moandei kaam nei bûten dat Jouke Douwe de Vries en Klaas van der Galiën út de fraksje stappe en op eigen namme fierder gean. Se dogge dat benammen omdat se fine dat it CDA net mear kristlik genôch is, sawol lanlik as yn de rie fan Dongeradiel.

It kaam foar Tamminga net as in ferrassing. It provinsjale bestjoer fan it CDA hat earder wiidweidich praat mei de twa leden oer de útienrinnende stânpunten.

Omdat beide fraksjeleden earder tekene ha foar it folgjen fan it CDA-belied, fynt Tamminga dat se net op eigen titel yn de ried fan Dongeradiel sitten bliuwe kinne.

Trefwurden: 
CDA Douwe Tamminga
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)