Sakeklup H'fean wer kompleet

26 mrt 2013 - 13:30

It bestjoer fan de sakeklup fan Sportklup Hearrenfean is wer folslein. Hans Schipper wurdt foarsitter fan de OSSH. Schipper is eigener fan Arnimar út Emmeloard. Dêrmei is hy opfolger fan De Witte, dy't opstapt is. Earder wie Akkerman as foarsitter der ek al mei ophâlden. Ek bestjoerslid Clarice Rozema wie der earder al mei ophâlden. Johan van Tuinen fan Van Tuinen Tuinservice út Berltsum en Eddie de Leeuw fan Vamos Vastgoed meitsje it bestjoer fan de Sakeklup fan Hearrenfean no kompleet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)