Jonge (12) fan de fyts skopt

Plysje-embleem © ANP
In jonge fan 12 is moandeitemiddei yn Drachten fan syn fyts skopt. Dat wie yn in tunnel oan it Súd. De jonge fytste dêr flak nei trijen trochhinne, doe't er oanfallen waard troch in groep fan fjouwer jonges. Dy skopten him net allinne fan 'e fyts, mar skopten him ek noch doe't er op 'e grûn lei.
De dieders naaiden dêrnei út mei de fyts fan de jonge. Omdat dy dieders noch net fûn binne, freget de plysje minsken dy't mear witte oer de mishanneling kontakt op te nimmen.