Drankrider bedarret yn feart

In ynwenner fan Ljouwert is moandeitejûn let mei ûnderkuollingsferskynsels opnaam yn it sikehûs, neidat er mei syn auto yn in feart bedarre wie. Dat wie neist de Wâldwei by Nyegea. Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat tefolle drank de oarsaak wie.
Omdat de 41-jierrige man al earder dronken achter it stjoer betrape wie, waard syn rydbewiis ynnaam. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.