Ynbrekkers aktyf yn Akkrum

26 mrt 2013 - 10:54

De plysje ûndersiket de ynbraak yn in hûs oan de Bûterwâl yn Akkrum. Dêr waard moandeitemiddei foar inkele tûzenen euro's oan ark stellen. It ark lei yn it hûs, omdat de eigener oan it ferbouwen is.

De ynbrekker hat nei alle gedachten in kroade brûkt om syn bút mei te nimmen.

Trefwurden: 
ynbraak Bûterwâl
(advertinsje)
(advertinsje)