Wat is it ferlet yn psychiatry

Soarchbelang Fryslân en Aldere-psychiatry Fryslân hawwe meielkoar ôfspraken makke oer it befreegjen fan âlderen mei in psychiatryske kwaal. Se sille de pasjinten freegje nei harren winsken foar de soarch. Soarchbelang Fryslân pleitet al hiel lang foar in aktive opstelling fan soarchynstellings om pasjinten te freegjen wêr't sy ferlet fan hawwe. Sy hawwe dêrfoar ek in spesjale meiwurker yn tsjinst.
Aldere-psychiatry Fryslân is de earste ynstelling dy't gebrûk meitsje sil fan dizze meiwurker om it ferlet te ûndersykjen.