Saak-Vaatstra by Omrop

25 mrt 2013 - 16:55

De rjochtsaak oer de moard op Marianne Vaatstra is de kommende dagen te folgjen by Omrop Fryslân. Tiisdei en woansdei sjocht de omrop foarút nei de ynhâldlike behanneling dy't tongersdei is. Tiisdeitejûn komt Hjoed mei in oersjoch fan wat der oant no ta allegearre bard is yn de saak.

De rjochtsaak begjint tongersdeitemoarn om healwei tsienen. De Omrop docht op radio en televyzje ferslach fan de rjochtsaak. Fia Twitter en op de www.omropfryslan.nl is de hiele dei troch it lêste nijs út de rjochtbank te folgjen.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân Vaatstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)