Rekôrprizen lânbougrûn

25 mrt 2013 - 16:48

De grûnprizen yn de Fryske bouhoeke hawwe noch nea sa heech west as no. Sa wurdt op guon plakken mear as 50.000 euro foar in bunder grûn betelle. De prizen rinne al jierren op. De histoarysk hege prizen fan it jier 2000 binne ferbrutsen. Oarsaak fan de sterke taname is de krapte op de merk en de goede opbringsten fan de grûn.

Yn Grinslân en Flevolân binne de prizen fan lanbougrûn de lêste jierren ek bot omheech gien.

Trefwurden: 
priis lânbougrûn
(advertinsje)
(advertinsje)